Ik haw in soad nocht oan alles wat mei grien en miljeu te meitsjen hat
Al sûnt ein jierren tachtich bin ik ynteressearre yn polityk, en dan wol spesjaal de Fryske polityk. Yn dy tiid wie ik aktyf yn de eardere gemeente Boarnsterhim en letter ek yn Ljouwert.
Fanôf medio 2021 ha ik my oansluten by Gemeentebelangen Ljouwert. Ik haw in soad nocht oan alles wat mei grien en miljeu te meitsjen hat. By GBL hâld ik my ek dwaande mei beboude omjouwing, romtlike oardering, enerzjy en lânbou.
Fan berop bin ik fruchtbeamkweker en hofker. Geregeldwei fersoargje ik presintaasjes en kursussen yn de griene sektor. Tegearre mei myn frou en soan wenje ik al fyftjin jier yn Reduzum.